Cambuur Sjoernaal fan 26 oktober 2019 18:40

SC Cambuur is freedtejûn tsjin Jong FC Utrecht net fierder kaam as in lykspul. De ploech fan coach René Hake hold de Ljouwerters op 1-1. It wie gjin bêste wedstriid, mar troch it lykspul bliuwt Cambuur wol foar de njoggende kear op rige sûnder ferlies. De kopposysje bliuwt ek yn it besit fan de ploech fan Henk de Jong. Dat en mear yn it Cambuur Sjoernaal.

Cambuur Sjoernaal

Yn dit sjoernaal sjogge we in dei nei de wedstriid fan SC Cambuur yn de Keuken Kampioen Divisie werom op de wedstriid. Mei in lange gearfetting, reaksjes fan de haadrolspilers en it lêste nijs
(advertinsje)