Cambuur Sjoernaal fan 23 novimber 2019 18:50

SC Cambuur hat foar de trettjinde kear op rige net ferlern yn de earste difyzje. Freedtejûn waard FC Eindhoven mei 3-0 ferslein. Statistysk sjoen giene de Ljouwerters in drege wedstriid temjitte tsjin FC Eindhoven, want sûnt 2006 wie der net wûn yn it Jan Louwers Stadion. Dat barde freed dus wol, troch goals fan Calvin Mac-Intosch, Robert Mühren en in hiele moaie fan Mitchel Paulissen.

Cambuur Sjoernaal

Yn dit sjoernaal sjogge we in dei nei de wedstriid fan SC Cambuur yn de Keuken Kampioen Divisie werom op de wedstriid. Mei in lange gearfetting, reaksjes fan de haadrolspilers en it lêste nijs
(advertinsje)