Cambuur Sjoernaal fan 16 novimber 2020 17:14

It waard snein in memorabele jûn yn it Cambuur stadion. De Ljouwerters spilen tsjin de nûmer twa, FC Almere City. Nei it ferlies fan ferline wike tsjin Jong Ajax, stie der behoarlik wat druk op dizze wedstriid. Winst wie needsaak om goed by te bliuwen yn de striid om de boppeste plakken yn 'e earste difyzje. Cambuur spile in prachtige wedstriid. It waard in wier doelpuntefeest. It Cambuur sjoernaal sjocht wiidweidich werom op dizze bysûndere wedstriid.

Cambuur Sjoernaal

Yn dit sjoernaal sjogge we elke sneon werom op de wedstriid fan SC Cambuur yn de Keuken Kampioen Divisie.
(Advertinsje)