Cambuur Sjoernaal fan 12 oktober 2019 18:40

SC Cambuur is der freedtejûn net yn slagge om allinne oan kop te kommen fan de earste difyzje. De Ljouwerters spilen yn in teloarstellende wedstriid mei 0-0 lyk tsjin MVV. Utblinker oan de Ljouwerter kant wie keeper Sonny Stevens. En as de doelman de bêste man is, seit dat wol wat oer de wedstriid. Fierder wie der dizze wike noch kontraktnijs yn Ljouwert. Dat en mear yn it Cambuur Sjoernaal.

Cambuur Sjoernaal

Yn dit sjoernaal sjogge we in dei nei de wedstriid fan SC Cambuur yn de Keuken Kampioen Divisie werom op de wedstriid. Mei in lange gearfetting, reaksjes fan de haadrolspilers en it lêste nijs
(advertinsje)