Cambuur Sjoernaal fan 10 april 2021 18:15

Cambuur spile freedtejûn de útwedstriid tsjin it ûnderoansteande FC Den Bosch. Doe't Cambuur nei 23 minuten al mei 2-0 foar stie, like it in maklike jûn te wurden, mar FC Den Bosch knokte werom. Nei in 2-2 rêststân, spilen beide ploegen in spektakulêre twadde helte, wêryn Cambuur úteinliks de winst mei 5-3 pakke koe. Yn it Cambuurjoernaal wiidweidich omtinken foar dizze wedstriid.

Cambuur Sjoernaal

Yn dit sjoernaal seagen we elke sneon werom op de wedstriid fan SC Cambuur yn de Keuken Kampioen Divisie.
(Advertinsje)