Cambuur Sjoernaal fan 1 febrewaris 2020 18:40

Fantefoaren sei trainer Henk de Jong dat it in drege wedstriid wurde soe. Al mear as 30 jier hie Cambuur yn Nijmegen gjin wedstriid mear wûn. Mei tank oan spits Robert Mühren slagge it no wol. Hy makke de moaiste goal út syn karriêre.

Cambuur Sjoernaal

Yn dit sjoernaal sjogge we in dei nei de wedstriid fan SC Cambuur yn de Keuken Kampioen Divisie werom op de wedstriid. Mei in lange gearfetting, reaksjes fan de haadrolspilers en it lêste nijs
(advertinsje)