Bynt fan moandei 23 septimber 2013

Seis op de tsien Friezen wol him mear ynsette foar de leefberheid yn de buert. Dat is ien fan de útkomsten fan in ûndersyk nei mienskipssin yn Fryslân, dat útfierd is yn opdracht fan it nije Omrop Fryslân televyzje-programma Bynt. Dik 80% fan de 1000 ûnderfregen fynt belutsenheid by de buert belangryk. Trijekwart hat seker ien kear yn de wike kontakt mei de buorlju, en ien op de trije hat in kaai fan buorlju. Ek ha Friezen fertrouwen yn elkoar. Goed 80% tinkt dat de buorlju har nei it sikehûs bringe at der wat gebeurt.

Mear oer it ûndersyk jûn yn Bynt op Omrop Fryslân TV om healwei sânen.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)