Bynt fan 9 maart 2016 17:20

    De slach by Boksum
    Yn Boksum binne by graafwurk by tafal âlde skeletten fûn fan likernôch 1600 nei Kristus. Mooglik giet it om slachtoffers fan de Slach by Boksum op 17 jannewaris 1586. Der is ek ierdewurk, metaal en boumateriaal út nei alle gedachten deselde tiid fûn. Jet Tolsma is archeolooch en fertelt yn Bynt hoe opmerklik dizze opgravings binne.

    Meldonium, it nije Epo
    De sportwrâld stiet op syn kop. Nei epo, en anabole steroïden is der no in nij begryp yn de dopingwrâld: MELDONIUM. De iene nei de oare - Russyske - sporter rint tsjin de lampe. Shorttracker Daan Breeuwsma skoot oan om oer de neisleep fan dizze berjochten te praten.

    Pronkstikjes út it Frysk Filmargyf
    Yn de jierren 60 waarden der in soad doarpsfilms makke, miskien steane jo wol op sa'n film. It Frysk Filmargyf hat de helte fan dy filmkes yn hannen en makket se op it stuit digitaal. Sa kin eltsenien se besjen, gewoan op de kompjûter. Hjoed in favoryt fan Syds Wiersma, de koördinator sels...

    Wittenskip foar bern
    Kinne saken as psychology, rjochten en wiskunde ynteressant wêze foar bern út it basisûnderwiis? Sân wittenskippers fan de RUG tinke fan wol. De lêste wiken ha se harren aginda leechmakke om in hiel lespakket fan filmkes en opdrachten gear te stallen. Diederik Roest út Feanwâlden is ien fan dy wittenskippers en kin dus alles fertelle oer dit bysûndere projekt.

    Boksumer skeletten binne woansdei te besjen

    Yn Boksum is in bysûndere fynst dien

    Syds Wiersma

    In doarpsfilm út de jierren 60

    Bynt

    It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    (advertinsje)