Bynt fan 9 jannewaris 2014 18:30

Maatskiplike ûnrêst driget op Skylge. De eilanners binne troch de fearboatoarloch yn twa kampen ferdield. Dat hat ek syn wjerslach op it sosjale libben. Tsjinstanners meie inoar en in protte Skylgers doare harren yn it iepenbier net út te sprekken oer harren foarkar foar de EVT of rederij Doeksen. Ferslachjouwer Janjelle Ringnalda makke tegearre mei Timo Brinkman in dokumintêre foar Fryslân DOK oer de kwestje. Jûn fertelt hy yn Bynt wat er allegearre tsjin kaam op it eilân.

Jûn is de premjêre fan Faderpaard, de teaterfoarstelling dy’t makke wurdt yn it ramt fan it 135-jierrich bestean fan it Frysk hynstestamboek. Achter de skermen is de hiele wike drok wurke om alles foar inoar te krijen. Albert Jensma wie derby en seach hoe’t in shetlandpony it ferdomde om in Frysk hynder te spyljen.

Wat sil der allegear plak fine op it med fan keunst en kultuer yn Fryslan takomme jier? Hokker Fryske bands op Eurosonic en Noorderslag moatte wy bygelyks yn de gaten hâlde? En as wy nei it teater wolle, wêr moatte wy dan yn alle gefallen hinne? Dat en noch folle mear as wy foarút sjogge op de kulturele agenda foar 2014 mei ús eigen kultuerduo Steven Sterk en Sjoerd Bootsma.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)