Bynt fan 9 febrewaris 2016 17:20

Henk de Jong fuort by SC Cambuur
It berjocht kaam hjoed dochs noch ûnferwachts. Trainer Henk de Jong stapt op by Cambuur. Wy prate oer dit beslút mei ús eigen Cambuur-watcher Geert van Tuinen. Wat betsjut de nije situaasje foar de ploech út Ljouwert? En wat betsjut it foar Henk sels?

Japanners yn Hylpen
Mei de Hylper ambachtsman Titus Stallman sjogge wy nei de Japanse ynvaazje fan syn stêd. Want dat is allegearre aardich, sa’n stêd fol minsken út Japan, mar se moatte syn wurk fansels net kopiearre.

Keapsnein
Yn Tytjerkseradiel stiet de âlde diskusje oer de keapsnein wer op de aginda. Yn de kommende wiken sil it beslút falle. Meie de winkels yn de gemeente no wol of net iepen op snein? Mei regionaal ekonoom Klaas van den Berg analysearre we jûn wêrom't de diskusje oer de keapsnein altiten wer sa heftich is.

Flogge
Mei tûzenen, en soms miljoenen, sjoggers binne floggers de grutte idoalen fan hjoed-de-dei. Se filmje harsels de hiele dei troch en sette it materiaal dan op YouTube. Foar in soad jongeren in fulltime baan dy't in protte jild opsmite kin. Dizze wike dûke wy yn de wrâld fan Fryske floggers mei hjoed twa froulju dy't alles witte fan make-up.

BY09BP02

Hoe komt it mei de keapsnein yn Tytjerksteradiel?

BY09BP03

Dizze froulju flogge oer make-up.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)