Bynt fan 9 febrewaris 2015 17:20

Hoe komt it mei it Frysk?
Wurdt it Frysk sa stadichoan in minderheidstaal yn Fryslân? In grut ûndersyk fan de Fryske Akademy moat dat útwize. 15.000 Fryske húshâldens krije dêrom moarn in brief op de matte. Edwin Klinkenberg stjoert it projekt oan fan út de Fryske Akademy en fertelt der oer yn Bynt.

Bynt siket Boer (dy’t in frou siket)
Boer zoekt Vrouw. It is in gigantysk suksesfol programma op tillevyzje. No die út ûndersyk bliken dat yn de gemeente Ferwerderadiel it tal frijgeselle boeren it heechst is fan ús provinsje. Dêrom wolle wy de boeren dêr helpe. Raynaud Ritsma sil foar ús op syk nei frijgeselle boeren yn ús eigen Bynt siket Boer...

Harns: poarte nei Fryslân en de wrâld
Harns moat de poarte nei Fryslân wurde en as it efkes kin sels de poarte nei de wrâld. Toerisme is dêrby it magyske wurd. Dêrom is de haven de ôfrûne tiid klear makke foar grutte cruiseskippen. Dizze wike portrettearje wy fjouwer Harnzers dy't dynje op de weagen fan de feroaring. Hjoed it ferhaal fan Heidy, skipper yn de brune float.

De nije direkteur fan Keunstwurk
De keunst yn Fryslân foarút bringe. Dat is it doel fan Keunstwurk en dêr sil de nije direkteur, Douwe Zeldenrust, foar soargje moatte. Hy is ferline wike begûn yn syn nije funksje en hy skoot jûn oan om út te lizzen hoe’t hy de keunst yn ús provinsje foarút bringe wol.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)