Bynt fan 9 desimber 2013 18:30

Oant twadde krystdei kin der noch stimd wurde op de Fryske Top 100. Trije muzykredakteuren fan Omrop Fryslân helje de list fan ferline jier oeral: wat bin de nûmers dy't se net wer werom hearre wolle en wat bin de nije nûmers dy't ek in plak yn de list fertsjinje?

Wylst de Friezen har de holle brekke oer harren Top 5 fan de Fryske muzyk, gean wy yn Bynt op syk nei de muzyk fan nijkommers yn Fryslân: muzyk fan in oar heitelân. We hearre de platen dy't sy draaie as se even werom wolle nei it plak dêr't se opgroeiden.

Us fêste gast Martin Cnossen giet yn diskusje mei Hans van der Werf fan de Friese Milieu Federatie oer de rol fan natoerorganisaasjes by nije ûntwikkelings yn Fryslân. Is it de skuld fan de natoerklups as nije diken of bouplannen fertraagd wurde troch beswieren of binne de plannen dan gewoan net goed?

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)