Bynt fan 8 septimber 2015 17:20

In flechtling yn 'e hûs?
Ingrid Struijk fan Oranjewâld hat jierrenlang flechtlingen yn 'e hûs naam. Hoe sjocht sy nei de hjoeddeistige krisis? En soe se sels ek wer flechtlingen yn 'e hûs nimme?

Doch it net
Nim sels gjin flechtling yn 'e hûs. Dat seit Vluchtelingenwerk Nederland. Wurdfierder Wim Ram fan Vluchtelingenwerk skoot jûn oan yn Bynt om út te lizzen wat de grutste gefaren binne, en hoe’t je de flechtlingen neffens him it bêste helpe kinne.

Bynt yn de provinsje
Bynt is fansels de namme fan in programma by Omrop Fryslân. Mar it is in namme dy't wiidweidich troch de provinsje yn gebrûk is. Sa binne wy hjoed op de nije iepenbiere basisskoalle It Bynt yn Winsum.

Dirigint yn Grikelân
Nei in yndrukwekkend konsert op de Nederlânske telefyzje krige dirigint Jan Vermaning fan De Jouwer in telefoantsje. Oft hy ek nocht hie oan in optreden yn Athene? Vermaning is krekt werom en fertelt jûn syn ferhaal yn Bynt.

BY08IO01

OBS It Bynt yn Winsum

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)