Bynt fan 8 septimber 2014 17:20

Jelle B. die mei oan The Voice
Ofrûne freed wie Jelle B. te sjen by The Voice of Holland. De sjonger út Wytgaard soarge foar in soad sfear yn de seal, mar dochs draaiden de sjueryleden har net om. Jûn sit Jelle oan tafel by Bynt. Soe hy al wat oer syn teloarstelling hinne wêze?

De Bynt-tún
Dizze simmer is de Bynt-tún hieltyd grutter en griener groeid. Us eigen Aat hat der goed foar soarge. Miranda hat del west om te sjen hoe't alle griente der no by stiet, en Aat komt yn de studio om te fertellen wat hy de ôfrûne moannen dien hat.

Iepenloftspul Penjum
Penjum is in keunstsinnich doarpke yn de lytse bouhoeke. Dizze wike sille wy alle dagen op besite by in keunstner dy't hjir wennet. Se binne allegear op ien of oare wize belutsen by it iepenloftstik “Dijk vol Dromen”. Dat stik giet dit wykein op it doarp yn premjêre. Hjoed fertelt byldzjend keunstner Stefan Belderbos wêrom't er “Dijk vol Dromen” makke hat.

Waarman Gerrit Hiemstra
Hy is hast alle dagen op televyzje, mar wat witte wy eins fan waarman Gerrit Hiemstra? Wêr komt bygelyks syn leafde foar it waar wei? En hoe is, as Fries om utens, syn bân mei Fryslân? Ek prate wy oer syn grutte passy silen. Deryn komt foar Gerrit alles bymekoar; de natoer, it klimaat, it waar en de sport.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)