Bynt fan 8 oktober 2014 17:20

De nije Doutzen?
In jier lyn like it libben fan Marjan Jonkman noch net op dat fan in topmodel, mar dat is hurd feroare. Marjan sit tsjintwurdich mear yn Parys as yn har berteplak Sint Nyk. Se hat nammentlik in eksklusyf kontrakt by it wrâldferneamde moademerk Yves Saint-Laurent! Se is krekt werom fan de Fashion Week yn Frankryk, dêr't se in grutte sjo rûn hat.

Jeen van den Berg
Hjoed ferstoar reedrider Jeen van den Berg. Syn meast ferneamde prestaasje wie it winnen fan de Alvestêdetocht fan 1954. Mei programmamakker Eelke Lok, in goede bekende fan Van den Berg, sjogge wy werom op it libben fan dizze ikoaan fan it reedriden.

Ljouwerters yn Amearika
Personiel fan de fleanbasis Ljouwert hat it drok. In part hat ûndertusken de earste bommen smiten op de striders fan IS yn Irak, wylst oaren yn de Feriene Steaten sitte om dêr traind te wurden yn it ûnderhâld fan de JSF. Dizze wike folgje wy in oantal fan harren yn Amearika. We prate mei se oer it libben dêr en it wurk dat se dogge.

Tagonklikheid fan Ljouwert
Hoe tagonklik is Ljouwert foar minsken mei in beheining? Dat is hjoed ûndersocht troch de Werkgroep Toegankelijk Leeuwarden. Sy teste yn lytse groepkes hoe goed winkels ynsteld binne op dôve of bline minsken. En hoe goed kinsto eins mei dyn rolstoel troch de stêd? Foarsitter fan de wurkgroep Hilda Snipe is sels blyn en fertelt oan tafel hoe't it der foar stiet mei de tagonklikens fan Ljouwert.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)