Bynt fan 8 maart 2016 17:20

Libben op ‘e kop troch HPV-faksinaasje
It libben fan Geertje Leegstra út Broeksterwâld feroaret drastysk nei har faksinaasje tsjin baarmoederhalskanker. Se sport net mear, hat pine en slokt 21 medisen deis. Se fertelt oan tafel wat de HPV-faksinaasje mei har libben dien hat. De GGD reagearret yn in reportaazje op har ferhaal.


Fryske LinkedIn foar jonge ZZP’ers
Je hawwe in moaie oplieding dien, útdaagjende staazjes rûn, mar it slagget mar net om echt leuk wurk te finen. Yntermediêr Margriet Gerritsma sjocht dit in soad yn har eigen omjouwing en wol dêr feroaring yn bringe mei Smartwurk: in nij online netwurk spesjaal foar Fryske ZZP’ers en studinten.

Froulju hawwe mear stress as manlju
Manlju meitsje har minder drok as froulju. Dat blykt út ûndersyk fan it Sociaal en Cultureel Planbureau dat stelt dat froulju har net goed ûntspanne kinne yn har frije tiid. Froulju binne altyd mei safolle saken dwaande. Dêrtroch fiele sy har swierder belêste as manlju. Jellie Tiemersma hat as sakefrou in drok bestean. Neist har wurk sit se ek noch yn de ried fan tafersjoch fan kennisynstitút foar emansipaasje en frouljusskiednis Atria. Oan tafel praat se oer de ferskillen tusken manlju en froulju.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)