Bynt fan 8 jannewaris 2014 18:30

Ynspekteur De Cock komt werom! Akteur Peter Tuinman spilet de plysjeman út Amsterdam yn in nije teaterfoarstelling dy't hjoed en moarn te sjen is yn de Harmonie yn Ljouwert. Tuinman skoot oan om te praten oer de foarstelling en wat dizze rol foar him no sa spesjaal makket.

Elke dei berjochtsje wy oer de tariedings fan de teaterfoarstelling Faderpaard dy’t moarn en freed plakfine sil yn it WTC expo yn Ljouwert. Hjoed sjogge wy by de Frânske groep Théâtre du Centaure út Marseille. Sy oefenje mei eigen Fryske hynders, op muzyk fan Sytze Pruiksma en Nynke Laverman.

Yn Bynt sjogge wy al de hiele wike foarút yn it nije jier. Jûn dogge wy dat mei Evert Fokkema en Margreet de Graaf. Wat bin neffens har de trends yn de sûnenssoarch yn 2014? Wat feroaret der bygelyks allegear foar de âlderein yn ús provinsje? En wat kin men sels dwaan?

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)