Bynt fan 8 desimber 2015 17:20

Frysk kuiernetwurk kompleet
Ferdwale is der net mear by no't yn Weststellingwerf it alderlêste puzzelstikje lein is foar in folslein Frysk kuiernetwurk. Lânskipssjoernalist Fokko Bosker hat in kuiergids skreaun oer de lêste 150 kilometer oan kuierpaden. Jûn yn Bynt nimt er ús mei nei syn favorite stikje fan de rûte.

Hoe sûn is jo ko?
In app dy’t boeren fertelt hoe sûn harren kij binne. It is ien fan de dingen dy’t ûntwikkele is by it ynnovaasje-kluster yn Drachten. Undernimmer Theun Prins fertelt wat hy oan dat kluster hat.

In see fan tiid
In see fan tiid, dat ha je as trainee op de Wylde Swan. Mar hoe sjocht it libben oan board der krekt út? Tamara van den Berg makke der in koarte dokumintêre oer, dy't we dizze wike yn fjouwer dielen sjen litte. Haadpersoanen binne de trainees Merlijn en Rens.

Aksint bepaalt earst yndruk
Friezen binne stiif, dom en sunich. Alteast, dat fine oare Nederlanners, as se ús praten hearre. De NTR wol mei in app, de foaroardielen by aksinten ûndersykje.

BY08LO03

Sjoch hjir de kowe-app yn aksje

BY08LO04

Ek hjoed farre we mei op de Wylde Swan

BY08LO02

Kuierje mei Fokke Bosker yn it Fochtelerfean

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)