Bynt fan 8 april 2016 17:20

Bynt Sport op freed
It giet jûn yn Bynt Sport oer fuotbal! SC Hearrenfean spilet snein tsjin AZ, in klup dy't in soad oerienkomsten hat mei de Feansters. Kwa spilers fiskje beide ploegen yn deselde fiver, de begrutting ferskilt net in soad fan mekoar en de ambysje fan de klups leit yn 'e subtop. We prate der jûn oer mei trije sportsjoernalisten: Johann Mast (LC), Andries Bakker (Omrop Fryslân) en Klaas Jan Bos, de AZ-watcher fan RTV Noord-Holland.

Henk Zoetendal
Roy Beerens, Viktor Elm en Jeffrey Gouweleeuw binne samar trije spilers dy't yn 'e ôfrune jierren foar sawol SC Hearrenfean as AZ spile hawwe. Dat is net wat fan 'e lêste tiid, want ek yn in fierder ferline spilen ferskate spilers foar beide klups. Jan de Visser gie fan AZ nei Hearrenfean en Kees Kist die dat oarsom. Ek Jouster Henk Zoetendal makke de oerstap fan Hearrenfean nei Alkmaar. Wy seagen by Zoetendal op De Jouwer werom op syn tiid foar beide klups.

En fierder?
Hawwe wy fansels wer in moaie priis lizzen foar dejinge dy't it goeie antwurd jout yn Arjens Sportkwis. De fraach wurdt dizze wike steld troch André Krul. It goeie antwurd kinne jo maile nei bynt@omropfryslan.nl! Fierder sjocht de Kening fan Kongo wer yn syn glêzen bol en docht er in foarsizzing foar de wedstriid tusken SC Cambuur en Ajax.

Arjens Sportkwis mei... André Krul

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)