Bynt fan 8 april 2015 17:20

Museumpriis
It Frysk Museum yn Ljouwert is ien fan de nominearren foar de museumpriis 2015. In wichtige priis yn de museumwrâld, dy’t yn it ferline al ris nei ús provinsje gien is. Yn 2012 wûn it Natuermuseum Fryslân de priis fan 100.000 euro. Direkteur Gerk Koopmans fan it museum leit út wat it syn museum opsmiten hat...

Anoreksia
Ite, it liket sa gewoan. Mar foar minsken mei in ytsteurnis giet it alle dagen oer de fraach wol of net ite. Net allinnich de pasjint, mar ek de omjouwing hat dêr lêst fan. Hoe gean je dêr mei om as heit, mem, suske of broer? GGZ Fryslân organisearret nije wike in foarstelling oer ytsteurnissen en Kim Dekker skoot jûn oan om te fertellen...

Fryslân 4045 – Wat de oarloch mei ús die
Yn Bynt sjogge we dizze wike werom op de Twadde Wrâldoarloch, dy't 75 jier lyn útbruts. In krúsjaal momint wie de molkstaking fan 1943. Dy soarge foar in grutte omkear. Foar de molkstaking liken de Dútsers en de Friezen it reedlik mei-inoar te roaien. Mar nei de staking is dat definityf foarby. De molkstaking koste yn Fryslân 22 minsken it libben. In soad slachtoffers foelen tusken Fryske Peallen en Marum...

Molke yn Myanmar
Myanmar, it eardere Birma, is ekonomysk yn opkomst. En dat betsjut ek: mear belangstelling foar suvel yn it lân. Dat wurdt no noch ymportearre út it bûtenlân. Solidaridad, in organisaasje foar ûntwikkelingshelp, besiket boeren yn Myanmar te stypjen om der mear fan te profitearren. Catharinus Wierda is ien fan de minsken dy’t koartlyn nei Myanmar west hat.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)