Bynt fan 8 april 2014 18:30

In sjoernalist dy't in moard docht en dêr sels artikelen oer skriuwt. Dêroer giet de earste Fryske triller dy't takom jier op it wite doek te sjen is. It is in ferfilming fan it boek 'Bak' fan de Ljouwerter Krante-sjoernalist Sietse de Vries. Joop Wittermans hat de haadrol en Auke de Witte tekenet foar de rezjy en it senario. Jûn sitte se by ús yn de studio.

Yn Bynt dogge wy dizze wike ferslach fan de ferkiezing foar 'Friese Onderneming van het jaar 2014'. Hjoed it bedriuw ZiuZ fan De Gordyk, ien fan de nominearren. ZiuZ makket ûnder oaren software dy't helpe kin by it opspoaren fan slachtoffers fan berneporno.

It bestjoeringssysteem Windows XP ferdwynt hjoed officieel. Minsken dy't it systeem noch op de kompjûter ha kinne it brûken bliuwe, mar binne net mear goed beskerme tsjin cyberoanfallen. Yn Bynt skoot ynternet-ekspert Schelte Meinsma oan. Hoefolle minsken en bedriuwen brûke Windows XP noch? En wat kinne dy no it bêste dwaan?

En we krije wer in update fan Skûtsjeferslachjouwer Gjalt de Jong. Hy makket in poalreis mei it 'tall ship' de Bark Europa. Mei prachtige bylden fan ûnder oaren de pinguins op South Georgia.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)