Bynt fan 7 oktober 2015 17:20

Hearrenfean Sina
In Sineeske ynvestearringsmaatskippij wol 23 oant 35 miljoen euro stekke yn fuotbalklup SC Hearrenfean. Jûn sit adviseur marketing & imago en krisismanager Alfred Knorr oan tafel. Hy leit de gefolgen foar Hearrenfean út as de ynvestearring trochgiet.

Bernedreamen komme út
Heidi Bunicich fan It Amelân ruile in goed betelle baan yn om dreamen fan traumatisearre bern út komme te litten. Se is no direkteur fan stichting Dream4Kids. Ofrûne wykein is de 1000ste dream útkaam.

Tet yn London
De nije teatershow fan Tet Rozendal hjit Nachtflinder. Om har leafdesfertriet te ferwurkjen wenne se in healjier yn Londen. Wat se dêr meimakke ferwurket se yn Nachtflinder. Wy seagen mei yn Ingelân.

Muzikale start fan de berneboekewike
Paul van Dijk giet kommend wykein muzikaal foarlêzen foar bern yn it Jopie Huisman museum. De berneboekeskriuwer tinkt dat bern troch muzyk better de ferhalen yn harren opnimme.

BY07JO04

Tet yn London

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)