Bynt fan 7 Oktober 2013

Foar alle lanlike media ha wy jûn Epke yn de útstjoering! Hy sil ús fertelle oer wat er juster allegear mei makke hat. Ek sil wy him freegje nei syn plannen foar it paad nei Rio 2016!

Fryske wâldbeantsjes, woartels, prei en pompoenen. Allegearre grienten út it seizoen lizze op ‘e tafel fan Bynt. Grientekweker Aat Oosenburg nimt sjefkok Geert-Jan Vaatjes, fan restaurant Lauswolt, mei om te praten oer en it priuwen fan syn resepten mei dizze grienten.

Yn de rige fan dizze wike giet Miranda mei de manlju fan Grutte Pier op syk nei de oerman.

Bynt fan 18.30 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân Televyzje.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)