Bynt fan 7 jannewaris 2014 18:30

De Fryske Martin is berne as Margje. Mar op jonge leeftiid wist er al dat er gjin famke wêze woe. Jûn fertelt Martin yn Bynt oer syn transformaasje fan frou nei man. Hoe fielt it om no as man troch it libben te gean? En hoe giet er om mei alle feroarings? Der binne hieltyd mear minsken yn Nederlân dy’t graach fan geslacht feroarje wolle, saneamde transgenders. Yn it programma ‘Hij is een zij’ folget de KRO fan jûn ôf seis jonge minsken dy’t yn it proses fan geslachtsferoaring sitte. Sy wrakselje mei saken as uterlik, mar ek mei de reaksjes fan de bûtenwrâld.

Tsien jier nei de foarstelling ‘Kening Lear’ is it Fryske hynder werom yn it teater. It muzykteaterstik ‘Faderpaard’ giet kommende tongersdei yn premjêre en wurdt freed foar in twadde kear útfierd yn it WTC Expo yn Ljouwert. Albert Jensma berjochtet elke dei yn BYNT hoe’t de show stilwei foarm krijt.

En: hokker ûntwikkelings kinne wy yn 2014 ferwachtsje op it mêd fan ekonomy en ynternet? Us saakkundigen Schelte Meinsma en Geesje Duursma skowe jûn oan om te praten oer Google Glass, de nije drank-en hoarekawet en noch folle mear.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)