Bynt fan 7 april 2016 17:20

De winners fan de Fryske ferhalewedstryd wurde  bekend makke

Yn de útstjoering fan Bynt fan 7 april makket Tet Rozendal op hiel eigen wize bekend wa’t de winners binne fan de Fryske ferhalewedstryd fan 2016. De winner fan de senior- en fan de junioredysje wurdt bekend makke en wy hearre ek wa’t de ferfilming yn Bynt wint. Yn totaal hawwe der 79 minsken meidien oan de skriuwwedstryd mei it tema ‘Oars’.  De sjuery bestie út Koos Tiemersma, Lida Dykstra en Yvonne Dijkstra.

Fierders sitte oan tafel by Bynt, sjueryfoarsitter Koos Tiemersma, útjouwer Steven Sterk en skriuwster Hilda Talsma. Mei harren prate we oer de Fryske literatuer. Hoe is it mei de kwaliteit en mei de ferkeap fan Fryske boeken? En we rjochtsje it each op de takomst: hoe krije we Friezen wer oan it Frysk lêzen?

Fryske ferhalewedstryd
Ek yn 2016 presintearje it Skriuwersboun, Omrop Fryslân, it Friesch Dagblad en it Cedin in Fryske ferhalewedstryd. De fjirde Fryske ferhalewedstryd hat as tema: Oars. Dat hat alles te krijen mei Gysbert Japicx (1606-1666), de Boalserter skoalmaster, foarsjonger en dichter dy't dit jier, 350 jier nei syn ferstjerren, betocht wurdt mei alderhande festiviteiten. Japicx hat tige wichtich west foar de ûntjouwing fan it skreaune Frysk. Dit jier is der foar it earst ek in junioredysje fan de Fryske ferhalewedstryd, om it skreaune Fryske wurd ek by bern ûnder de oandacht te bringen. 

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)