Bynt fan 7 april 2015 17:20

    In earbetoan oan Theun de Vries
    Wat no as je in keunstner binne fan 96 jier en je wolle wis wêze dat je wurk op it goeie plak bedarret? Riek Milikowski-de Raat kaam hjoed út Amsterdam om har skilderij, in earbetoan oan skriuwer Theun de Vries, te oerhandigjen yn it eardere wenplak fan de Vries Feanwâlden. Wy prate der fierder oer mei Ihno Dragt fan museum Dokkum.

    Leven in Friesland
    Lotte Snelder seach fan it wetter ôf hoe moai Fryslân is. Sy fûn ek dat elkenien dat witte moast. Dêrom rjochte se de webside Leven in Friesland op. It is miskien wol de rêdingsboei foar lytse ûndernimmers oan it wurden. Dy kinne nammentlik har winkeltsje mei streekprodukten op de webside yn de etalaazje sette.

    Fryslân 40-45 – Wat de oarloch mei ús die
    Dit jier is it 75 jier lyn dat de Twadde Wrâldoarloch útbruts. Omrop Fryslân begjint dêrom kommend wykein mei de dokumintêrerige "Fryslân 40-45 - Wat de oarloch mei ús die". Yn Bynt de kommende dagen alfêst in pear foarpriuwkes. Hjoed in fragmint oer de deportaasje fan de joaden út Fryslân. Wylst de Dútsers en de Fryske befolking it yn dy earste jierren aardich mei-inoar lykje te roaien, wurdt de Joadse mienskip yn noch net in healjier hielendal fuortfage.

    Mei Curacao nei it WK Fuotbal
    Mei in 2-2 lykspul yn de útwedstriid tsjin Montserrat pleatste it fuotbalalvetal fan Curacao him foar de twadde rûne yn de kwalifikaasje foar it WK 2018. De mannen fan Patrick Kluivert nimme it no takom simmer op tsjin de ploech fan Kuba. Etienne Stomp út Drachten, keeperstrainer by PEC Zwolle en Drachtster Boys, is ien fan de assistinten fan Kluivert. Hoe sjocht hy de kâns dat Curaçao der aanst yn 2018 gewoan by is?

    Bynt

    It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    (advertinsje)