Bynt fan 6 maart 2014 18:30

Hjoed is de dei fan it koart pleit dat trije Fryske bouwers oanspanne oer de nijbou fan iisstadion Thialf. Yn it koart pleit meitsje de bouwers Dijkstra/Draisma-Jorritsma, Friso en Van Wijnen en Volker Wessels beswier tsjin de foarnommen gunning fan de Thialfnijbou oan Ballast Nedam. De partijen binne it net iens mei de beoardieling en motivearring dy't de beoardielingskommisje fan Thialf jûn hat. Live by it koart pleit stiet ferslachjouwer Andries Bakker. Yn de studio prate wy mei Marten Cornel, foarsitter fan de Fryske ôfdieling fan Bouwend Nederland.

Net rafte yn de woeste wetters fan Slovenië, mar tsiis meitsje op It Amelân. Robert van der Meulen hoegde net lang nei te tinken doe't syn baas ophâlde woe mei de tsiisbuorkerij dêr't er al jierren fakânsjewurk die. Wylst er de papieren fan it CIOS yn de bûse hie, makke er dochs de oerstap. En alle dagen wurdt er as in lokkich man wekker. Want syn leafde foar tsiismeitsjen groeit noch altyd.

Moarn komt de nijste simmerkolleksje út fan modeûntwerper Hans Noordstrand. De presintaasje is op de beurs Vrouw yn WTC Expo. It atelier fan Noordstrand stiet net yn Parys of Milaan, mar gewoan op it Fryske plattelân yn Nijeholtpea. Dêr wurket er al hast fjirtich jier oan syn kolleksjes. Tegearre mei fêste gast Steven Sterk skoot Noordstrand jûn oan yn Bynt.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)