Bynt fan 6 juny 2016 17:20

Under de Toer
Elke tsjerke hat syn eigen ferhaal en dy ferhalen moat it projekt Under de Toer nei bûten bringe. Hjoed is bekend makke dat regisseur Jos Thie en toanielskriuwer Bouke Oldenhof fiif ton krije foar it projekt fan Kulturele Haadstêd 2018. Wat it projekt krekt ynhâldt siket ferslachjouwer Afke Boven jûn foar ús út by de Grutte Tsjerke yn Ljouwert.

Boerenjongens
Twa jonges dy’t by boerebedriuwen del gean om te sjen hoe’t it dêr wurket. Dêr giet it telefyzjeprogramma Boerenjongens oer. It programma fan Ramiro Gras en Joey Herema makket kâns útroppen te wurden ta bêste telefyzjeprogramma fan alle lokale omroppen fan Nederlân. Yn Bynt fertelle de jonges dêr mear oer.

Sjok
It ferhaal ‘Sjok’ wie de winner fan de ferhalewedstriid dy't It Skriuwersboun alle jierren útskriuwt. It ferhaal is ferfilme en it is fan ‘e wike te sjen yn Bynt. Hjoed sjogge wy earst noch werom nei de bekendmakking fan it winnende ferhaal.

Op ‘en paad mei Raynaud
Raynaud Ritsma is foar Bynt yn 'e magyske wrâld fan it iepenloftspul dûkt. Yn ferskate Fryske doarpen wurkje hûnderten frijwilligers alle jierren wer sa hurd as se kinne om de moaiste stikken op de planken te bringen. Yn Eastermar dogge se dat dit jier foar it earst mei it stik ‘It Begjin der Barrens’.

Sjok

It Begjin der Barrens

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)