Bynt fan 6 april 2015 17:20

Bynt Peaskespesjal

Op peaskemoandei in spesjale Bynt, mei it bysûndere ferhaal fan Harcourt en Annelies Klinefelter.

As jonge teologystudint seach de Amerikaanske Harcourt op tillevyzje de taspraken fan dûmny Martin Luther King, dy't djippe yndruk op him makken. Hy slut him oan by de boargerrjochtebeweging en waard as PR-man opnaam yn de staf fan King. Yn it djippe suden fan Amearika rûn er de Fryske Annelies Koopmans tsjin it liif, dy't fia in útwikselingsprojekt fan har tsjerke yn Drachten ôfreizge wie nei it swarte getto fan Atlanta, Georgia. It stel rekke befreone mei de famylje King, en makke sa in histoaryske perioade út de Amerikaanske skiednis fan tichtby mei. Underwilens wenje se al sa'n fjirtich jier yn Stienwikerwold, en sette se har yn om de dream fan King fan likense rjochten en geweldleas ferset yn libben te hâlden.

TR7556_1

Peaskemoandei in spesjale útstjoering fan Bynt...

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)