Bynt fan 5 novimber 2015 17:20

- Mear swalkers op strjitte

Neffens it Leger des Heils komme der hieltyd mear swalkers by. It Leger pleitet dan ek foar mear en bettere opfang foar minsken mei psychiatryske problemen.

- Werom nei Kameroen

Filmmakker Anne van Slageren groeide op as soan fan in Fryske dûmny yn Kameroen. Hy wenne dêr de earste alve jier fan syn libben. Jierren letter gie hy werom en makke hy in dokumintêre oer wat hy tsjinkaam.

- Weromrop

Nochris sjen nei de aventoeren fan Sybe Satellyt of Beant Baas. Fan dizze wike ôf kinne jo se fine op Weromrop. It nije digitale TV-argyf fan Omrop Fryslân. Yn Bynt in foarpriuwke fan wat jo opsykje kinne. Hjoed de Alvestêdetocht fan 1997. Yn te sjen op www.weromrop.frl!

- It media-oersjoch fan Wytze Visser

Wytze Visser skoot jûn wer oan foar syn media-oersjoch. Wat foel him op? Wa is syn persoan fan ‘e moanne? En wat diene de boargemasters fan Fryslân goed de ôfrûne tiid?

BY05KO02

De Alvestêdetocht fan 1997 yn de rige Weromrop!

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)