Bynt fan 5 maart 2015 17:20

Dioksine yn Harns
Hoe skealik is de útstjit fan de ôffalûne, de REC, yn Harns? Soarget it bygelyks foar in hegere konsintraasje dioksine yn de aaien fan hobbyboeren? Programmamakker Annet Huisman socht it út foar Fryslân Dok; mjitte, witte en wantrouwe.

’De Smearlappen’ ferfilme
It boek ‘De Smearlappen’ fan skriuwer Anne Wadman feroarsake yn 1963 in protte opskuor yn Fryslân. Hjoed waard bekend dat it boek ferfilme wurdt. De grutte fraach is dan fansels, sil de ferfilming likefolle reuring opleverje? Haadrolspiler Derek de Lint fertelt der jûn oer yn Bynt.

Maartske Greiden
Miskien sjogge wy se nea wer yn it fjild. De aaisikers dy’t hope en bidde dat se takom jier it lân wer yn kinne. Mar dêrfoar is de help fan de provinsje ûnmisber. Hjoed yn Maartske Greiden de syktocht fan deputearre Johannes Kramer.

Thúsfront
It loslitten fan je bern. Dat is it haadtema yn it nije stik Thúsfront fan Tryater. Wat bart der mei de âlden fan bern dy’t it leger yn gean? En hoe gean je der mei om as dyn bern yn in oarlochssitewaasje telâne komt?

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)