Bynt fan 5 maart 2014 18:30

Operaasje 'Dutch Bison' wie in militêre oefening yn febrewaris wêrby der troch de 43e Meganisearre Brigade út Havelte yn Fryslân ferskate senario's oefene binne. Programmamakker Halbe Piter Claus gie tsien dagen 'embedded' mei op paad, om de operaasje fan binnenút te folgjen. Jûn fertelt er wat hy allegear tsjin kaam is yn dizze perioade.

It is it moaiste ambacht dat der is, seit reiddekker Klaas Nijboer oer syn fak. Hy is as fakânsjewurker begûn en is noch troch de baas sels oplaat. Bynt sjocht de hiele wike by jongeren dy't foar it ambacht kieze en hjoed dogge wy dat dus by reiddekker Klaas yn Sumar.

Wa wurde de winners fan it Frysk Sportgala? Jûn wurdt bekend makke wa't der mei de titels Sportman en Sportfou fan it jier nei hûs gean. Sven Kramer, Antoinette de Jong, Jorrit Bergsma en Manon Kamminga hawwe al in nominaasje yn 'e bûse, mar sille sy ek winne? Wy sjogge live by ferslachjouwer Andries Bakker dy't foar ús op it Sportgala stiet.

Sjen wat de stjertesifers binne fan de ferskate Nederlânske sikehuzen. Dy binne sûnt dizze wike ôf ferplicht om dy sifers iepenbier te meitsjen op harren webside. Op dizze wize kinne pasjinten sjen wat de ferskillen binne tusken sikehuzen. Maar wat hawwe jo dêr no krekt oan as jo help nedich hawwe? En is it wol in goede yndikaasje foar kwaliteit yn de soarch? Dêroer prate wy jûn mei fêste gast Margreet de Graaf van Zorgbelang Fryslân.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)