Bynt fan 5 febrewaris 2016 17:20

De earste Bynt Sport Olympysk stiet folslein yn it teken fan silen! Twafâldich wrâldkampioen Marit Bouwmeester is te gast, krekt as har broer en trainingsmaat Roelof Bouwmeester. Ek Studio Sport-ferslachjouwer Ayolt Kloosterboer sit oan tafel om mei te praten. It giet oer de Olympyske Spelen fan oankommende simmer yn Rio de Janeiro, mar ek oer de earder behelle medaljes fan Marit Bouwmeester.

En fierder?
Fansels jout it goede antwurd by Arjens Sportkwis wer rjocht op in geweldige priis, docht de Kening fan Kongo de foarsizzing foar de útwedstriid fan SC Cambuur by FC Grins en grif sil der ek hjoed wer allegear oare saken oan tafel besprutsen wurde...

Te gast: Marit Bouwmeester

Te gast: Marit Bouwmeester

Arjens Sportkwis mei.... Jack Byrne!

Arjens Sportkwis mei.... Jack Byrne!

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)