Bynt fan 5 febrewaris 2014 18:30

Ferslachjouwer Roelof de Vries is foar de Omrop op it stuit yn Sotsji. Jûn yn Bynt lit hy sjen wa en wat hy de lêste dagen allegear foar syn kamera hân hat. Hoe giet it bygelyks mei de tariedings fan shorttrackers Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma? En wat fine sy fan Ruslân no't se der echt sitte?

Omrop Fryslân tillevyzje bestiet dizze wike 20 jier. En dêrom ha we sjoggers frege wat se út die jierren nochris weromsjen wolle. Hjoed de ynstjoering fan Marijn de Jong. Ferslachjouwer Janjelle Ringnalda sjocht mei har werom op in yngripend momint yn har libben, nammentlik de dea fan har soan Martijn Rosier yn Uruzgan.

Oer de pleechsoarch geane soms rare ferhalen rûn. Goed 1200 bern yn Fryslân hawwe te krijen mei pleechsoarch. Mar wat is der wier fan sokke praatsjes? En giet it om ynsidinten, of bart soks faker? Om dat út te finen, is it Meldpunt Pleegzorg ynsteld. Us fêste gast Margreet de Graaf hat dit Meldpunt yn behear by Zorgbelang Fryslân en jûn praat se der oer yn Bynt.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)