Bynt fan 5 desimber 2014 17:20

Mister Hearrenfean
De lêste wiken giet it allegear wat minder by SC Hearrenfean. Op it fjild lit de ploech djoere punten lizze en ek yn de organisaasje rint it net hielendal goed. Sa wolle de Feansters neffens Voetbal International minder jild betelje foar de hier fan it stadion. Wy prate oer de situaasje by de fuotbalklup mei mister Hearrenfean, âld-middenfjilder Maarten de Jong.

Myn Klup: Biljerte yn de Gerdyk
Alle freeds gean wy yn Bynt Sport op besite by in Fryske sportklup. Dêr gean wy op syk nei it klupgefoel en nei de bining dy't minsken by harren klup fiele. Dizze wike binne wy op De Gordyk, by de biljerters fan Biljartclub Gorredijk.

Jan Dolstra
De jeugd hat hieltyd mear belangstelling om skiedsrjochter te wêzen by it fuotbal. Sa socht Bynt de pas 13-jierrige Dion van der Kerk op. Hy spilet sels by Leovardia, mar folget kursussen om hieltyd heger te fluitsjen. Jûn oan tafel âld-grinsrjochter Jan Dolstra oer it fak fan skiedsrjochter.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)