Bynt fan 4 maart 2014 18:30

As je him hearre kinne je de yndruk krije dat der in folsleine band oan it spyljen is. Mar it is Joost Maaskant, oftewol 'Maask'. Hy stiet bekend as 'Human Beatbox', mei syn mûle kin er lûden meitsje dy't klinke as echte muzyk. Jûn skoot er oan yn Bynt. Kin er Roelof miskien ek noch wat leare?

Reiddekke, klompen meitsje, tsiis meitsje: it binne net de meast 'hippe' beroppen. Boppedat wurde âlde ambachten faaks efterhelle troch de moderne technyk. Yn de rige folgje wy dizze wike jonge minsken dy't wól graach mei de hannen wurkje wolle en in âld ambacht útfiere. Hjoed: Lars de Bok fan Warkum. Hy is 22 jier en is learling-skipsbouwer op in werf.

En: as je in webside ha wolle je graach witte hoefolle minsken der op sjogge, hokker minsken it binne en hoe faak se op bepaalde ûnderwerpen klikke. Google Analytics is in programma dat sokke gegevens byhâldt. Hiel handich, want sa kinne je je webside presys ôfstimme op je publyk. Ynternet-ekspert Schelte Meinsma is te gast om út te lizzen hoe't dit krekt wurket. Ek skoot Douwe Boersma, ús eigen ynternetredakteur oan, om ynsicht te jaan yn de 'kliksifers' fan Omrop Fryslân.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)