Bynt fan 4 maaie 2016 17:20

Bynt ien op ien: Majoar Rein Faber
4 maaie is in dei fan betinken. Stilstean by alle slachtoffers dy’t fallen binne sûnt it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch. Ek Bynt docht dat, yn in bysûnder ien-op-ien-petear mei Majoar Rein Faber fan it ‘Fryske Bataljon’ yn Havelte. Sân kear gie er nei it bûtenlân, op missy. Under oaren twa kear nei Srebrenica en twa kear nei Uruzgan. Hy fertelt oer syn ûnderfinings dêr, oer de striidmakkers dy’t er ferlear, en oer hoe’t it is om je húshâlding efter te litten.

It wurd ‘Uruzgan’ ropt by in soad minsken oantinkens op. 25 Nederlânske militêren kamen tusken 2002 en 2010 om it libben yn de Afgaanske provinsje. It heechste oantal slachtoffers fan in militêre missy sûnt Korea. Ien fan harren wie de 22-jierrige Aldert Poortema fan Drylts. Syn maten witte it noch as de dei fan juster. Noch altyd betinke se trije kear per jier it libben fan harren maat. Mei syn âlders. Sjoch hjir nei de yndrukwekkende reportaazje.

BY04EP03

It ferhaal fan de famylje Poortema. Yn 2008 ferlearen sy harren soan Aldert, op missy yn Afganistan.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)