Bynt fan 4 febrewaris 2016 17:20

‘Chemobrein’
It is Wereld Kankerdag. Hoewol’t de kânsen om dizze ferskriklike sykte te oerlibjen hieltyd grutter wurde, binne de gefolgen foar de pasjint grut. Ut ûndersyk docht bliken dat pasjinten jierren nei genêzing noch lêst ha kinne fan klachten as pineholle, konsintraasjesteurings of wurgens. Net allinnich troch de sykte, mar ek troch de medisinen. It saneamde ‘chemobrein’. Ynternist-onkologe Hiltje de Graaf fan it MCL fertelt wêrom’t mear ûndersyk wichtich is.

Sympatike skelm
In dief dy't meardere keren út de finzenis ûtnaait en sa útgroeit ta in grutte folksheld. Dat is it wier barde ferhaal fan George Wilder út Nij-Seelân. No oerset yn it Frysk troch Theo Smedes, in bekend gesicht by Bynt..

Maartske greiden
It is ferbean, foar it twadde jier op rige: it aaisykjen. De provinsje sjocht gjin mooglikheden om ûntheffing te ferlienen. Ta fertriet en somtiden lilkens fan de aaisikers. Bynt socht ferantwurdlik deputearre Johannes Kramer op om mei him te sjen nei de takomst fan it aaisykjen.

Media-oersjoch
Wat is de oerienkomst tusken Jitse Akse, de V&D en B. Ogbeche? marketinggoeroe Wytze Visser jout it antwurd yn syn moanlikse media-oersjoch.

BY04BP01

Johannes Kramer oer de takomst fan it aaisykjen.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)