Bynt fan 4 desimber 2015 17:20

Bynt Sport op freed
Hoe komt it mei SC Cambuur? Noch hieltyd hawwe de Ljouwerters noch gjin wedstriid wûn yn de earedivyzje. We prate der jûn oer mei âld-spitsen Willem van der Ark, Mark de Vries en sportsjoernalist Geert van Tuinen.

De triennen fan Foppe
Nei de oerwinning tsjin Roda koe Foppe de Haan it net droech hâlde. Der kaam krityk, mar oaren tochten wer dat it fantastysk wie. Hoe sjocht Foppe der sels op werom? En hoe sjocht syn opstelling fan dit wykein derút?

En fierder?
Fansels is der wer in moaie priis te winnen yn de kwis, gean wy wat langer troch op www.omropfryslan.nl/bynt en gean wy del by Mister Cambuur, Johan Abma, foar in analyze fan de Cambuurdefinsje.

BY04LO04

Wisto it antwurd op de Kwis?

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)