Bynt fan 4 desimber 2014 17:20

    Kostber keramyk
    In bakje fan 13 sintimeter grut, dat makke is om kwasten yn skjin te meitsjen. Al jierren is dit yn it besit fan keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert, mar no docht bliken dat it 1000 jier âld, en miljoenen wurdich is. Eva Ströber, konservator van it museum fertelt wat se tocht doe't se ûntduts hokker bysûnder objekt sy al dy tiid yn hannen hie.

    Unferwacht pianotalint
    Somtiden ha minsken ûnfermoede kanten. Aron Bouwhuis út Ljouwert wraksele mei problemen en it seach der somber út. Oant it momint dat hy by syn helpynstânsje ZIENN in piano stean seach. En foar dat ynstrumint blykt er in útsûnderlik talint te hawwen. Noaten lêze kin er net. Dochs hat hy yntusken al in oanbieding fan it konservatoarium yn Den Haach.

    De Heak
    Nei jierren fan neitinken, tekenjen, fergaderjen, graven en bouwen is de Heak om Ljouwert sa goed as klear. Oer fjirtjin dagen, op 18 desimber, wurdt de nije dyk iepene foar it ferkear. Yn de studio sit wethâlder Thea Koster. Hoe bysûnder is dit momint foar har?

    Gastfrij Gaasterlân: diel fjouwer
    Dizze wike ûndersykje we de gastfrijheid fan Gaasterlân. Jûn it lêste diel, oer de opfang fan asylsikers.

    Bynt

    It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    (advertinsje)