Bynt fan 4 desimber 2013 18:30

Yn in famyljebedriuw komme privee en saaklik byelkoar. Op in agrarysk famyljebedriuw is dat noch folle sterker. “Wat de boer niet zegt” is in boek mei situaasjes út de praktyk oer hoe't famyljeleden mei elkoar omgean en hoe't it faak mis giet. It boek is skreaun troch Truke Zeinstra. Sy is mediator en komt by in protte boerefamyljes oer de flier om se te helpen by konflikten. Sy sit jûn oan tafel by Bynt om deroer te praten.

Yn de rige oer de cold cases fan Tresoar hjoed omtinken foar it mystearje fan de stellen universiteitsboeken fan Frjentsjer. De saak kaam by in kontrôle yn 1648 oan it ljocht. In pear boeken waarden weromfûn op de keamer fan in studint. Mar wêr binne se no?

Wy wurde deasmiten mei reklames foar goedkeape fersekerings. As jo no wol of net beslute nei in oare soarchfersekerder oer te stappen, der feroaret yn 2014 fan alles en dat kin in soad jild kostje. Minsken kieze faak foar in goedkeape maatskippij mar dat kin grutte gefolgen ha. Bygelyks dat men net sels bepale kin yn hokker sikehûs men holpen wurdt. Hjir prate wy oer mei fêste gast Evert Fokkema en fersekerings-ekspert Sharon Gerritsen fan webside Independer.nl, dy't ûndersyk die.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)