Bynt fan 31 maart 2015 17:20

In moanne gjin alkohol
In moanne ferlyn siet Jeroen Elfrink by ús oan tafel. Hy soe meidwaan oan de aksje ‘Ik Pas’. Hy mocht 31 dagen lang gjin alkohol drinke. Jûn is hy werom, en fertelt hy hoe’t it gien is...

De misdiemjitter
Misdiedsjoernalist Simon Vuyk nimt ús mei yn de wrâld fan de kriminaliteit. Tegearre sjogge wy nei de jierlikse misdiedmjitter en helje wy der in pear opfallende Fryske saken út. Hoe kin it bygelyks dat it tal strjitrôven yn Hearrenfean mei 900 persint tanaam is?

Wurkje oan de rinnende bân
Yn ús rige oer de rinnende bân gean wy dizze kear mei nei it wurk fan Marten. Hy set speaken yn fytstsjillen. Miskien wat saai wurk kinst sizze, mar Marten fermakket him bêst.

Us Fryske taal
Ien kear yn de moanne komt ús saakkundige op it mêd fan de Fryske taal del yn Bynt. Hjoed is it safier. Anna Marije Bloem hat foar ús wer tal fan grappige saken op in rychje set, en lit ús laitsje mei bygelyks de shirts fan Baas Himd, Badr en Mata Hari, Frysk op ‘e dyk en folle mear!

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)