Bynt fan 31 jannewaris 2014 18:30

In grôtfolle Bynt jûn.

Wy folgje de lêste oeren fan de transfer-deadline fan de spilersmerk. Wy binne op it Abe Lenstrastadion en by Cambuur. Kin Hearrenfean de topspits behâlde en kriget Cambuur njonken nije oanwinst Bob Schepers noch in tropyske ferrassing?

Sippy Tigchelaar en Eelke Lok fertelle oer harren oantinkens oan Atsje Keulen Deelstra. It is in jier ferlyn dat Atsje ferstoar. Eelke en Sippy makken elk in dokumintêre oer de reedrydheldin. Eelke foar de televyzje, Sippy foar de radio. Dy wurde dit wykein útstjoerd.

In oare sportheld, swimmer Olivier van der Voort, fertelt oer syn dream: de Olympyske Spelen fan 2016 yn Rio. Yn 2009 waard in part fan Olivier syn skonk ôfset, mar nettsjinsteande dat wie er yn 2013 de rapste fan Fryslân op de 200 meter rêchslach.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)