Bynt fan 30 septimber 2015 17:20

Gerrit de Boer nei Nepal
It is alwer in healjier lyn dat Nepal troffen waard troch in swiere ierdbeving. Tûzenen deaden en ferneatige gebouwen wiene it gefolg. Ek de skoallen fan de Stichting Studenten- en Musahaproject Nepal fan It Hearrenean rekken skansearre. In delegaasje fan de Stichting reizget moarn ôf nei Nepal, om te sjen hoe’t it giet mei de weropbou. Omrop-ferslachjouwer Gerrit de Boer reizget mei harren mei.

Gjin pasjintestop foar Fryske thússoarch
Der komt gjin pasjintestop by de thússoarch yn Fryslân. De Fryske thússoarchorganisaasjes en soarchfersekerder De Friesland binne it juster iens wurden. De Friesland betellet 12 miljoen euro sadat it finansjele tekoart fan de organisaasjes oplost wurdt. Oan tafel sit Klaas Kuilman fan thússoarch Het Friese Land. Hy sil fertelle oft dit in oplossing is dy’t ek yn de takomst hâldber is.

De biste-opfang fan Norma
Op in moaie simmerdei yn juny stoart de wrâld fan Norma Miedema yn. Har libbenswurk, de biste-opfang Norma 's Universum, brânt folslein ôf. Hoe no fierder? Ferslachjouwer Janko Krist folge Norma de lêste moannen op 'e foet.

Alden dy’t in bern ferlern ha fine stipe
Veerle de Vries wie noch mar oardel jier âld doe't se ferstoar. Har mem Hieke fûn nei in drege perioade stipe by lotgenoaten. Snein is der yn Snits in kuier, spesjaal foar âlden dy't in bern ferlern ha. Omtinken is nedich, want der sit noch hieltyd in taboe op.

BY30IO06

Norma Miedema krijt stipe

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)