Bynt fan 30 oktober 2015 17:20

    BYNT SPORT DERBYKAFEE FAN 18.15 OERE OF

    Snein stiet de Fryske derby op it programma! Yn it Abe Lenstra spilet SC Hearrenfean dan tsjin SC Cambuur. We dogge dat mei in spesjale útstjoering út ús Bynt Sport Derbykafee wei!

    We sjogge foarút op de wedstriid mei fjouwer gasten:

    - âld-keeper fan SC Cambuur Wim de Ron
    - âld-spiler fan SC Hearrenfean Joop Gall
    - keeper en analist Theo Timmermans
    - oanfierder fan SC Cambuur Sjoerd Overgoor

    Wat sit der noch mear yn it programma?

    - Henk & Henk's Sportkwis
    - De Fryske derbys fan Johan Derksen
    - De tariedingen fan beide klups
    - En noch folle, folle mear

    Johan Derksen sjocht werom op syn derby's by Cambuur

    Johan Derksen fertelt oer syn tiid by SC Cambuur

    Reekgerdyn hinget oer opstelling SC Cambuur

    De tariedingen fan SC Cambuur

    Bynt

    It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    (advertinsje)