Bynt fan 30 maaie 2014 18:30

Hoe meitsje je in boarterstún?
Daan Levy is yn Ljouwert foaral ferneamd as stedsperformer, mar hy docht mear as dat. Mei bern en âlden betinkt hy op dit stuit plannen foar pleinen en fjilden. Benammen syn oanpak is bysûnder, want troch te boartsjen, te knippen en te plakken komt hy mei de bern ta in plan. De iene kear is dat foar in boarterstún, de oare kear foar in romte yn in iepenbier gebou. Daan sit oan tafel tegearre mei de 11-jierrige Hilbert, dy't mei Daan gearwurke hat.

Wol of gjin beskerme status foar Aldebiltdyk?
De mienings oer wol of gjin beskerme doarpsstatus foar de Alde en Nije Biltdyken en 3.000 bunder achterlân binne ferdield. Boeren binne hjir poer op tsjin, de gemeenteried ek. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders sjocht gjin beswier. De provinsje is foar. De bewenners wolle gjin bemuoienis fan bûten, mar de foarstanners fine it krekt goed dat der beskerming fan bûten komt.

De mentale training fan Jesper Hospes
We litte ús faak út it fjild slaan troch lytse en gruttere tsjinslaggen, wylst in pear lytse gedrachsferoaringen bytiden al in soad foardielen opleverje kinne. Us saakkundige, sportpsycholooch Berber van den Berg, wit hoe't we dat oanpakke moatte. Yn har wurk helpt se topsporters mentaal op de rit te bliuwen nei tsjinslaggen. Reedrider Jesper Hospes is dêr ien fan. Hy hat op it stuit lêst fan syn knibbel, en fertelt jûn hoe't Berber him helpt.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)