Bynt fan 30 april 2014 18:30

"De stilte voor Julia” is de titel fan it nije boek fan skriuwer Derwent Christmas. It giet oer in dosint dy't nei de dea fan syn frou en dochter neat mear te ferliezen hat. Christmas wennet yn Ljouwert en wurket as dosint Nederlânsk op It Hearrenfean. Yn it boek rinne realiteit en fiksje dan ek trochelkoar. Hy hat bepaalde personaazjes bygelyks skreaun mei syn kollega's as foarbyld. Yn Bynt fertelt hy oer it boek, en hokker saken út syn libben dêr yn ferwurke binne.

De hiele wike kinne jo sjen nei fiif bysûndere objekten út it Frysk Fersetsmuseum. Dêrmei sjogge wy yn de dagen foar 4 en 5 maaie werom op de Twadde Wrâldoarloch. Hjoed hawwe wy it oer in wetterkiste mei in grut ferhaal. In ferhaal fan marteling en ûnderdrukking.

Dizze maaiefakânsje sjogge wy alle dagen nei âlde ôfleverings fan de Bynt-tún. Sa komt alles wat jo sels yn de tún dwaan kinne nochris foarby. Hjoed wurdt der sjips makke fan sinnewoartel en kinne je sjen wat der allegear nedich is foar de grienten yn de tún. Hawwe jo no ek in fraach foar ús túnker Aat? Mail ús dan op bynt@omropfryslan.nl, dan komt der antwurd fan Aat...

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)