Bynt fan 3 novimber 2015 17:20

- Mear swervers yn ‘e nachtopfang

Hieltyd mear minsken libje op strjitte. Dat docht bliken út sifers fan ZIENN, de organisaasje foar dakleazeopfang yn Ljouwert. Wytze Groen fan ZIENN sjocht foaral mear minsken dy’t brûk meitsje fan ‘e nachtopfang.

- De muzyk fan Mylene

In pear wike ferlyn wie Mylene de la Haye te gast yn ‘e studio. Doe sei se ûnder oaren dat se de muzyksmaak fan Friezen mar neat fûn. Dêrom stjoerden wy har nei it Halloweenfeest yn Achlum om it better te dwaan...

- Weromrop

Nochris sjen nei de aventoeren fan Sybe Satellyt of Beant Baas. Fan dizze wike ôf kinne jo se fine op Weromrop. It nije digitale TV-argyf fan Omrop Fryslân. Yn Bynt in foarpriuwke fan wat jo opsykje kinne. Hjoed de grutte Friezenreüny yn 2000. Te sjen op www.weromrop.frl!

- Hoe sette je Noardwest-Fryslân yn 'e merke?

It is der saai, keal, leech en der bart nea wat. Sa stiet Noardwest-Fryslân bekend. Oan Douwe Gerlof Heeringa as regio-oanjager de taak, om sjen te litten dat toeristen wol wat te sykjen hawwe yn it gebiet. En dat docht hy, troch sels de toerist út te hingjen...

BY03KO03

Werom sjen nei Simmer 2000

BY03KO04

Mylène op it Halloweenfeest yn Achlum

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)