Bynt fan 3 maart 2016 17:20

Flechtlingekrisis by de Kanaaltunnel
De spanning yn de 'jungle fan Calais' rint hieltyd heger op. It flechtlingekamp by de grinsoergong fan Frankryk nei Ingelân moat ûntromme wurde, mar wêr moatte de flechtlingen dan hinne? En wa is der ferantwurdlik foar? Ingelân en Frankryk fleane elkoar deroer yn de hierren. Remco de Melker fan transportbedriuw Veenstra Fritom yn Heech fertelt wat dit betsjut foar de Fryske frachtautosjauffeurs dy’t Calais as bestimming ha.

Klaasje Postma oer libbenskrêft
Klaasje Postma toert troch de provinsje mei har foarstelling Life is Beautiful, oer de Joadske pianiste Alice Herz-Sommer. Sy oerlibbe it konsintraasjekamp en waard mar leafst 110 jier. Foar de teatersjo ynterviewde Klaasje de 80-jierrige Roos Derks oer har libbenskrêft.

Rige: bunkers op Skylge
Hjoed sjogge wy foar de lêste kear yn de dunen fan Skylge. Ien fan de 60 frijwilligers dy't dêr de bunkers opknapt is Hille. Hy hat it kompleks mei it loftôfweargeskut adoptearre as syn persoanlike bunker.

Wytze Visser
En mediasaakkundige Wytze Visser fertelt ús wer wat him opfallen is yn de media. Ditkear: Zlatan, de V&D en fakânsje.

BY03CP01

Oflevering 3 yn de rige oer de bunkers op Skylge

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)