Bynt fan 3 maart 2015 17:20

30 dagen gjin alkohol
Tritich dagen lang alles mei alkohol deryn stean litte. Dus ek dat pilske nei it wurk of dat gleske wyn jûns op de bank. Soesto dat kinne? Ferslavingssoarch en de GGD binne úteinset mei it projekt Ik Pas. Dielnimmers litte tritich dagen alle drank stean. Jeroen Elfrink is fan ferslavingssoarch, en docht sels ek mei...

Bonnie & Clyde
Twa wiken lang soargen se foar terreur yn Noard-en East-Nederlân. No stean se foar de rjochter, it gangsterduo 'Bonnie & Clyde', oftewol Antonio van der P. en Enise B. Misdiedsjoernalist Simon Vuyk folget it proses op de foet en praat ús jûn by...

It fjild yn
De waarmere dagen binne op komst, mar ien ding is wis: it earste ljipaai sil fan ’t jier net fûn wurde. En dat docht sear foar alle aaisikers. Yn ús rige oer Maartske Greiden hjoed: de pine fan aaisiker Wybren Bruinsma.

Surfbabe Arrianne
Se reizget de hiele wrâld oer. Faak nei plakken dêr't it waarm is en de sinne altyd skynt. Ja, it libben fan in profesjoneel surfer is dreech. Dêr wit Arrianne Aukes út Wolvegea alles fan, want sy heart by de ynternasjonale top...

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)